De Stjoerman

De stichting Simmerjûn/Fryske Dei uit Burgum vroeg mij een tijd geleden of ik een liedje had over de BM’er of over het Bergumermeer. Dit ivm met het Thema van dit jaar waarin de BM’er en zijn maker/ontwerper Hendrik Bulthuis centraal staan… Dit had ik niet… Ik heb mij verdiept in de BM’er en in Bulthuis en bezocht daarvoor o.a. het Streekmuseum. Met deze bagage ben ik aan de slag gegaan, hieronder het resultaat….

Ik far nei it ferline, lavearje oer it kanaal
Nei it wetter fan de mar, sykjend nei syn ferhaal

De wyn bringt my derhinne, in boat fan mahoanjehout
Sechstjin kante meter seil, troch ien man betocht en boud

De mar dy is hjoed grillich, it grutseil en fok steane strak
Dizze boat krige syn namme, dit wetter is syn plak

It lûd fan wyn en weagen, flústere my sêft yn
It begjin fan de BM’er,al hiel wat jierren lyn

De boat ûntstie út leafde, út grut eigen ideaal
Fan de barbier fan Burgum, stjoerman fan it ferhaal

Syn ûntwerp oerlibbe him, noch hieltyd foar jong en âld
Troch de BM’er liet er sjen, hoe’t Burgum fan syn wetter hâldt

Live opname van “De Stjoerman” Tijdens de Simmerjûn 23-8-14
httpvh://www.youtube.com/watch?v=LBzntZwuzfo