As it net foar leafde wie
Orizjineel troch Chris Stapleton, If it hadn’t been for love
Fryske tekst troch Gurbe Douwstra, Piter Wilkens en Marcel Smit
Ik gie nea op ‘e brommer nei Droegeham, as it net foar leafde wie…
Ik pakte nea de trein nei Appingedam, as it net foar leafde wie…
Ik gie nea troch de spielende rein, as nei in skoanmem op in moaie snein
As it net foar, as it net foar leafde wie
Ik soe nea nei in konsert fan BZN, as it net foar leafde wie…
As nei in kuorbalwedstryd stean te sjen, as it net foar leafde wie…
Yn de tún omwrotte yn waar en wyn en ik liet har eks der oars wier nea yn
As it net foar, as it net foar leafde wie…
Kâlde muorren tsjin myn wil
Sy is dea foar ivich stil
Kâlde muorren foar ivich fêst
Har begrutsjen jou my rêst
Ik siet nea earder fol wrok en haat, as it net foar leafde wie…
Ik hie nea earder in herder paraat, as it net foar leafde wie…
Sy makke myn libben ta in hel en yn in tel stuts ik har del.
As it net foar, as it net foar leafde wie…
Opname credits:
Marcel Smit: sang
Gurbe Douwstra: sang
Piter Wilkens: sang
Wander van Duin: kontrabas en akoestysk gitaar
Joost van Es: fioele
Johanna van der Veen: banjo
Martijn Engbrenghof: opname en miks
Pier Durk Hogeterp – Wisseloord Studio: mastering