Skip to content

Marcel Smit

Fryske Sjonger & Lietskriuwer
  • ★ Nieuw album ★
  • Nieuws
  • Marcel
    • Biografie
    • Discografie
    • Foto’s
    • Pers
    • Columns
  • Muziek
    • Teksten
    • Video’s
    • Downloaden
  • Liedjesschrijver
  • Bestellen
  • Boekingen
  • Contact
  • Agenda

Album – Noch Mear Muzyk

Beerenburch

Record Details

Release
2020

Bearenburch
Orizjineel troch David Luning, Whiskey Bottle
Fryske tekst troch Marcel Smit

By froulju hie ik faak súkses, êfterôf in djoere les
Sy namen alles dat ik hie, ik wist net mear wêr’t ik foar stie
Ik stie allinne kear op kear mar allinne stean dat wol ik no net mear

Bearenburch bliuw my trou, nei in slok fan dy ferjit ik eltse frou

It begon betiid mei swarte Gels, dy tocht allinne oan har sels
Mei Geartsje ha ’k it ek besocht, dy hie nei ien kear al har nocht
Alie fûn my fierste drok, ien ding wie wis ik fûn gjin leafdes lok

Bearenburch bliuw my trou, nei in slok fan dy ferjit ik eltse frou

Mei Doutzen krige ik har mem der by mar dat gie sels te need foar my
Nynke hie neat mei muzyk, Fokje miste romantyk
Wie ik de deksel wie Doetie pot, ien ding wie wis sy makken my kapot

Bearenburch bliuw my trou, nei in slok fan dy ferjit ik eltse frou

Yn ’t reade ljocht ha’k ris leafde kocht, mar as alles mei krijst ek dyn nocht
Op Tinder kaam ik Lutske tsjin, ien fan de app wie har dochs te min
Tet wie op myn sinten út, ien ding wie wis foar my nea wer in tút

Bearenburch bliuw my trou, nei in slok fan dy ferjit ik eltse frou

Froulju lieten my sa sjen dat ik der ek bêst sûnder kin
Ik fluitsje no de hiele dei as ik deis mar in slokje krij
Ik stie alinne kear op kear mar alinne stean dat doch ik no net mear

Bearenburch bliuw my trou, nei in slok fan dy ferjit ik eltse frou
Moaie flesse trou mei my, pas by de glêsbak skied ik fan dy…

Opname credits:
Marcel Smit: sang en akoestysk gitaar
Wander van Duin: kontrabas
Jelmer Haringsma: elektryske gitaar
Ruben Soer: drums
Carin Seegers en Elly Efdé: êftergrûnsang
Martijn Engbrenghof: opname en miks
Pier Durk Hogeterp – Wisseloord Studio: mastering

Social Media Profiles

  • Facebook
  • Twitter
  • Spotify
  • YouTube
Side makke troch buro KREAS