Skip to content

Marcel Smit

Fryske Sjonger & Lietskriuwer
  • ★ Nieuw album ★
  • Nieuws
  • Marcel
    • Biografie
    • Discografie
    • Foto’s
    • Pers
    • Columns
  • Muziek
    • Teksten
    • Video’s
    • Downloaden
  • Liedjesschrijver
  • Bestellen
  • Boekingen
  • Contact
  • Agenda

Album – Noch Mear Muzyk

De pake fan mysels

Record Details

Release
2020

De pake fan mysels
Orizjineel troch Dwight Latham en Moe Jaffe, My own grandpa
Fryske tekst troch Marcel Smit

It is al even lyn doe’t ik sa’n trijentweintich wie
Ik moete doe in widdo wêrmei ik foar it hekje stie
Mei in dochter like âld as my dy wurke as model
Dy seach ús heit wol sitten dus ek dat waard gau in stel

Sa waard ús heit myn skoansoan en doe kaam ik yn it nau
Myn bonusdochter waard myn mem sy wie ús heit syn frou
Nei wat rebûlje kaam d’r wille alles waard gewoan
Mar dat feroare al wat doe ik heit waard fan in soan

Dy lytse jonge wie ek fuort de sweager fan myn heit
En dêr troch ek myn omke wylst d’r heitie tsjin my seit
Omdat myn soan myn omke blykte kaam ik yn ‘e klem
Dy dochter bliek myn healsus dy widdo myn stief-mem

Doe’t ús heit ek nochris heit waard ha’k ‘m út it each ferlern
Myn healbroer wie myn pakesizzer myn bonusdochters bern
Myn frou is trouwes ek nochris de stiefmem fan myn heit
En dêrtroch ek myn beppe wat wol wat gefoelich leit

Ik bin dus in bernsbern as myn frou myn beppe is
Dêr ha ik oer prakesearre en fan ien ding bin ik wis
Myn stambeam dat is fêst de frjemste fan de wrâld
Want ik wurd as myn eigen pake mei myn beppe âld

De pake fan my sels,
De pake fan my sels
Ja ik wit it klinkt wat frjemd
Mar frjemd is ek wat wat wol went
De pake fan my sels

Opname credits:
Marcel Smit: sang en akoestysk gitaar
Wander van Duin: kontrabas en mandoline
Joost van Es: fioele
Johanna van der Veen: banjo
Carin Seegers, Elly Efdé en Piter Wilkens: êftergrûnsang
Martijn Engbrenghof: opname en miks
Pier Durk Hogeterp – Wisseloord Studio: mastering

Social Media Profiles

  • Facebook
  • Twitter
  • Spotify
  • YouTube
Side makke troch buro KREAS