Skip to content

Marcel Smit

Fryske Sjonger & Lietskriuwer
  • ★ Nieuw album ★
  • Nieuws
  • Marcel
    • Biografie
    • Discografie
    • Foto’s
    • Pers
    • Columns
  • Muziek
    • Teksten
    • Video’s
    • Downloaden
  • Liedjesschrijver
  • Bestellen
  • Boekingen
  • Contact
  • Agenda

Album – Noch Mear Muzyk

De Wâlden

Record Details

Release
2020

De Wâlden
Orizjineel troch Brent Cobb, South of Atlanta
Fryske tekst troch Marcel Smit

Der is in krite yn Fryslân dêr’t in wichterbeam bloeit
Dêr’t op in beamwal in toarnbei graach groeit
De minsken binne rêstich sjog’ de kat út de beam
Mar stiet de kat op ‘e grûn sil se klear foar dy stean

Der is in Krite yn Fryslan dêr sit de hannel yn’t bloed
Alles is dêr te keap, prate kin se dêr goed
Leaver lyts mar sels baas dan grut foar in oar
Wat earne net kin dat komt dêr foar elkoar

Nim my mei nei de Wâlden, dêr, dêr’t ik it leafst bin
Nei it lân fan myn âlden dêr krij ik in goed sin
Bring my werom nei it plak dêr’t it libben my fûn
Nim my mei nei de Wâlden nei myn bertegrûn

Der is in krite yn Fryslân, rûnom ferneamd
Op it sân tusken pingo’s ûntkomt harren neat
Fan hearren en sizzen wurdt stjerrende wier
Sûnder nijs út de Wâlden krijt in krant it pas swier

Der is in krite yn Fryslân, sa smûk en sa grien
De singels mei elzen ha al jierren sa stien
De spitkeet it fean sy binne der net mear
Mar it wurk by de boer is noch hieltiid net klear
Nei de wâldbeantsjes gean de scherjontsjes wer oan
De hintsjes moat fêst it gers moat fan it lân
Wêr yn ‘e wrâld  ik ea ek noch kom
Ik bliuw in diel fan de Wâlden ik kom altyd werom

Nim my mei nei de Wâlden, dêr,  dêr’t ik it leafst bin
Nei it lân fan myn âlden, ek as ’k sels net mear kin
Wol ik werom nei it plak dêr’t myn libben begûn
Nim my mei nei de Wâlden lis my der yn ‘e grûn

Opname credits:
Marcel Smit: sang en akoestysk gitaar
Wander van Duin: kontrabas
Jelmer Haringsma: elektryske gitaar
Ruben Soer: drums
Carin Seegers en Elly Efdé: êftergrûnsang
Martijn Engbrenghof: opname en miks
Pier Durk Hogeterp – Wisseloord Studio: mastering

Social Media Profiles

  • Facebook
  • Twitter
  • Spotify
  • YouTube
Side makke troch buro KREAS