Skip to content

Marcel Smit

Fryske Sjonger & Lietskriuwer
  • ★ Nieuw album ★
  • Nieuws
  • Marcel
    • Biografie
    • Discografie
    • Foto’s
    • Pers
    • Columns
  • Muziek
    • Teksten
    • Video’s
    • Downloaden
  • Liedjesschrijver
  • Bestellen
  • Boekingen
  • Contact
  • Agenda

Album – Noch Mear Muzyk

Deselde Sinne

Record Details

Release
2020

Deselde Sinne
Tekst en muzyk troch Marcel Smit

Stjerren ferdwine je ha fannacht her bêst wer dien
De moanne hat ek noch nea sa oan de himel stien
En wylst de sinne hiel rêstich oan,
It tsjuster ferbrekt foar in nije moarn,
Sjoch ik nei bûten… en mis ik ien…

De tiid tikket troch mar ik hear de klok no net mear slaan
By alles wat ’k doch tink ik, hoe soest do dat dwaan
Ik fal yn it gat dat’st achter litst
En freegje my ôf wêr as’t do no bist
Wat woe ik dy graach noch ien lyts tútsje jaan

Sjogg’ wy noch wol nei deselde sinne
Komt de haven ea wer yn it sicht
Of litst my foar goed alinne rinne
Is it boek fan ús dan no echt ticht

Ik sil de tiid mei dy nea ferjitte
Lang om let kom ik dy efternei
Wêr as’t bist ik wol dy witte litte
Dat myn leafde foar dy duorret oant dy dei

En wylst de sinne hiel rêstich oan,
It tsjuster ferbrekt foar in nije moarn,
Sjoch ik nei bûten… en mis ik ien…

Opname credits:
Marcel Smit: sang en akoestysk gitaar
Andrea Meijer: sello
Inge van der Hoeven: altfioele
Anna Molleman: fioele
Ina Andela: fioele
Martijn Engbrenghof: opname en miks
Pier Durk Hogeterp – Wisseloord Studio: mastering

Social Media Profiles

  • Facebook
  • Twitter
  • Spotify
  • YouTube
Side makke troch buro KREAS