Skip to content

Marcel Smit

Fryske Sjonger & Lietskriuwer
  • ★ Nieuw album ★
  • Nieuws
  • Marcel
    • Biografie
    • Discografie
    • Foto’s
    • Pers
    • Columns
  • Muziek
    • Teksten
    • Video’s
    • Downloaden
  • Liedjesschrijver
  • Bestellen
  • Boekingen
  • Contact
  • Agenda

Album – Noch Mear Muzyk

Ingelding

Record Details

Release
2020

Ingelding
Tekst en muzyk troch Marcel Smit

Wylst de ien falt yn de bûter
Rint de oare tsjin in lid
De ien hat in dikke rekken
De oar ien dêr’t gjin rek yn sit
Hast de holle yn de wolken
As dyn kop al yn it sân
Giet alles even foar de wyn
As rint it út de hân

De ien is yn de prizen
Wylst de oar de prizen wint
Ien rint noch yn in bloeske
De oar al yn it lêste himd
Hast de skiep al op it drûge
As rinst yn de kudde mei
Bytst dy stikken op in houtsje
As fynst krenten yn ‘e brij?

Ik smeek dy… Ingel, Ingel, Ingel jou dy op myn skouder del
Hoedsje my en myn famylje foar de duvel foar de hel
En litst it kwartsje falle, dan graach oan de goeie kant
En doch dyn “Ingelding” as it der om spant.

Wylst de ien krekt oan it roer stiet
Giet de oare yn it skip
En wylst de ien it libben libbet
Sit in oar al fierst te djip
Hâldst dyn holle boppe wetter
Ek mei lead yn ‘e skuon
Bliuwt dyn trein noch even riden
As rydst nei it einstasjon

As it lok is mei de dommen wêr bliuwt dan it lok fan my
Ik hear faak it stiet op kommen mar it komt net tichterby
Ik sit wier net te wachtsjen op dat grutte skip mei jild
Doch my in amer sûnens en wat blomkes fan it fjild

Opname credits:
Marcel Smit: sang en akoestysk gitaar
Wander van Duin: kontrabas
Jelmer Haringsma: elektryske gitaar
Ruben Soer: drums
Carin Seegers en Elly Efdé: êftergrûnsang
Martijn Engbrenghof: opname en miks
Pier Durk Hogeterp – Wisseloord Studio: mastering

Social Media Profiles

  • Facebook
  • Twitter
  • Spotify
  • YouTube
Side makke troch buro KREAS