Skip to content

Marcel Smit

Fryske Sjonger & Lietskriuwer
  • ★ Nieuw album ★
  • Nieuws
  • Marcel
    • Biografie
    • Discografie
    • Foto’s
    • Pers
    • Columns
  • Muziek
    • Teksten
    • Video’s
    • Downloaden
  • Liedjesschrijver
  • Bestellen
  • Boekingen
  • Contact
  • Agenda

Album – Noch Mear Muzyk

It âlde hûs

Record Details

Release
2020

It âlde hûs
Tekst en muzyk troch Marcel Smit

Der raast in stoarm troch it âlde hûs
Dêr’t mear twifel klint as sêft gerûs
Der kaam gjin blauwe nei in swarte loft
Ik krige de doar net ticht hoe ik der ek foar focht

Net mear dûnsje troch de greiden
Net mear foar ien troch it fjoer
Der net foar fjochtsje mei syn beiden
De bui waait faaks wol oer
Mar as it hûs dan troch de bliksem
Lyk as leafde sa ferdwynt
Bliuw dan net sitten yn it tsjuster
Wylst de sinne earne skynt

Do kinst my better as ús mem my kin
As ik myn eagen slút hear ik noch dyn stim
Dy’t my hearre liedt oant de dea ús skiedt
Doe net tinkend oan sa’n grut fertriet

Sa goed en kwea pak ik de tried wer op
Fan in lytse wrâld nei it romme sop
Dêr’t de wyn myn triennen drûgje kin
Dêr kin ik sykje nei in nij begjin

Opname credits:
Marcel Smit: sang en akoestysk gitaar
Wander van Duin: kontrabas
Joost van Es: fioele
Johanna van der Veen: banjo
Carin Seegers en Elly Efdé: êftergrûnsang
Martijn Engbrenghof: opname en miks
Pier Durk Hogeterp – Wisseloord Studio: mastering

Social Media Profiles

  • Facebook
  • Twitter
  • Spotify
  • YouTube
Side makke troch buro KREAS