Skip to content

Marcel Smit

Fryske Sjonger & Lietskriuwer
  • ★ Nieuw album ★
  • Nieuws
  • Marcel
    • Biografie
    • Discografie
    • Foto’s
    • Pers
    • Columns
  • Muziek
    • Teksten
    • Video’s
    • Downloaden
  • Liedjesschrijver
  • Bestellen
  • Boekingen
  • Contact
  • Agenda

Album – Noch Mear Muzyk

Leafde en whisky

Record Details

Release
2020

Leafde en Whisky
Tekst en muzyk troch Marcel Smit

Ik stoarmje as in trein troch de nacht
Do noch folle hurder troch myn holle
Ik wie de okse dy neat sei
Ik seach net hoe ‘t der hinne lei
No nimt in oar dy sa mar mei
Hoe kom ik no troch dizze dei

Mar as whisky sels neat docht
Wêr is it knopke fan it ljocht
Ik wol net dat ien my sa sjocht

De wiksel gie om troch dommekracht
Dyn sneltrein dy waard my wat te folle
Ik hie dochs alles foar dy oer
Ik fleach foar dy sels troch it fjoer
No blykt dyn leafde dochs te djoer
Bin ik yn iens net mear sa stoer

Al bin de rails dan rjocht en sljocht
De trein mat ek ris troch de bocht
Giest mei my mei in dizze tocht
As is alles no om ‘e nocht

Ik gean no oer it spoar sûnder fracht
Do hast in kaartsje mar do mast sels wolle
Stap no mar yn wie gean der foar
Ik bin dochs better as dy oar
Wie kin noch fjirder mei elkoar
as ik dy sjoch bin ik wer smoar

Opname credits:
Marcel Smit: sang en akoestysk gitaar
Wander van Duin: banjo en dobro
Wilt Dijk: contrabas
Ruben Soer: drums
Martijn Engbrenghof: opname en miks
Pier Durk Hogeterp – Wisseloord Studio: mastering

Social Media Profiles

  • Facebook
  • Twitter
  • Spotify
  • YouTube
Side makke troch buro KREAS