Oan ‘t Kanaal
Tekst en muzyk troch Marcel Smit
Myn dobber skeat dêr faak ûnder wetter
Ik kaam dêr al foardat ik swimme koe
Der tochtest net oan moarn as folle letter
Al wist it dat it myn plak wurde soe
De steiger waard de tsjerke fan myn freonen
Wy leauden yn ús sels en yn elkoar
It boatsje dêr’t wy oeren lang yn dreaunen
Brocht ús yn tinzen oant de himmelsdoar
Ik gean noch gauris even nei myn plakje
Dan kom ik thús dêr earne oan ’t kanaal
Sâlte triennen yn it swiete wetter
En fûgels dy’t net freegje nei ’t ferhaal
De earste dop dy gie dêr fan de flesse
Tútsjeboartsjen waard al frij gau mear
De filters bleaunen meastal yn it pakje
Mei stoer dwaan wie it spultsje eins al klear
Myn fyts myn brommer sels myn earste auto
Stiene dagen oan de feart parkeard
Op dat plak doar ik no wol te sizzen
haw ik in hiel soad libbenslessen leard
Is de kop wer leech kin ik wer fierder
Fierder yn dy hurde grutte wrâld
Dêr’t ik hoe langer ik der bin mear langje
Nei dat jonkje wat sa fan it fiskjen hâldt…
Opname credits:
Marcel Smit: sang en akoestysk gitaar
Wander van Duin: contrabas
Joost van Es: fioele
Johanna van der Veen: banjo
Carin Seegers en Elly Efdé: êftergrûnsang
Martijn Engbrenghof: opname en miks
Pier Durk Hogeterp – Wisseloord Studio: mastering