Fryslân
Tekst en muzyk troch Marcel Smit
De taal fan myn âlders dy naam ik mei
Ik tocht dot de hiele wrâld “Heit en Mem” sei
Oeral wêr myn bêd stiet wer myn klompen ek stean
Ik hear thús yn in lân wêr’t se Frysk ferstean
Ek al is it in diel fan in grutter gehiel
De taal en it tinken sit djip yn us siel
Der is allinne een grins fan wot wol as net kin
En dot is it lân wêr’t ik it leafste bin
(Kearsankje)
Fryslân, ûs moaie Fryske lân
Wêr’t ik hikke en tein bin, wêr’t ik it grêf yn gean
Myn woartels se sitte sa fêst yn dyn grûn
Wêr’t ik myn famylje en leafde fûn
Op dyn flagge stiet sels de foarm fan myn hart
It is it ienige plak wêr ik hinne mat
Dyn greiden bin griener it fielt sa fertroud
As ik dy út riid krij ik it benaud
Mar ik kom werom der kinst fan op oan
Mei de rest har ik neat mei dy hâld ik in bân
(Brechje)
Witst wot ik seker wit
Dot it hiel djip yn ús sit
Gjin Fries dy’t dy falle lit
As foar ivich ferlit