Skip to content

Marcel Smit

Fryske Sjonger & Lietskriuwer
  • ★ Nieuw album ★
  • Nieuws
  • Marcel
    • Biografie
    • Discografie
    • Foto’s
    • Pers
    • Columns
  • Muziek
    • Teksten
    • Video’s
    • Downloaden
  • Liedjesschrijver
  • Bestellen
  • Boekingen
  • Contact
  • Agenda

Album – Mear Muzyk

In part fan dy (mei Gerbrich van Dekken)

Record Details

Artist
Marcel Smit mei Gerbrich van Dekken
Release
2014

In part fan dy
Muzyk en tekst troch Marcel Smit

As de brêge slein is yn ’t lêste paad,
dat stadich troch ’t libben rint.
As de dei fan hjoed de moarn net hellet,
bist ûnderweis nei wêr’t it begjint.

As fiergesichten wazich wurde,
as tichterby net goed mear fielt.
As’t troch de tiid bist hjir op ierde,
hast dyn leafde oer ús ferdield.

In diel fan my sil mei dy stjerre,
in part fan dy hâld ik fêst.
Fan alles wat wy hienen tegearre,
hat hâlde-fan it moaiste west.

Do rinst net mear troch myn dagen,
in krûp of tút dat kin net mear.
No dûnsest faak om yn myn tinzen,
a’k oan dy tink stiest foar my klear.

Troch wa ast do wiest yn ’t libben,
sils’t do net hielendal gean.
Elts wa dy leaf hie krijt in stikje
yn al dy minsken bliuwst bestean.

In diel fan my sil mei dy stjerre,
in part fan dy hâld ik fêst
fan alles wat wy hienen tegearre,
hat hâlde-fan it moaiste west.

Social Media Profiles

  • Facebook
  • Twitter
  • Spotify
  • YouTube
Side makke troch buro KREAS