Leafdesferske
Muzyk en tekst troch Marcel Smit
Der wie leechte, en net allinich yn myn bêd
Troch de tiid, by it fallen fan it blêd
Is der stilte, mar dy stilte jout gjin rêst
Ik wie al fiersten te lang allinnich west
It is seldsum, en ast der hast net mear oan tinkst
Is’t de leafde, wêrtroch elts ferske fleurich klinkt
Troch dy wurde de swartste nachten ljocht
It wurdsje leafde is spesjaal foar dy betocht
(Kearsankje)
Ik hâld fan dy, as een skriuwer fan syn pen
It wie neat foar my, mar wurd no dronken fan syn stim
Kin der net by, do litst my wiere leafde sjen
Wat een gemy ik tink dat ik der wol oan wen
Yn de moarntiid, krûpst nochris rêstich tsjin my oan
Dit is’t libben, wie ek juster mar in moarn
Ik haw’t net socht, do hast it by my brocht
It wurdsje leafde is spesjaal foar dy betocht