Skip to content

Marcel Smit

Fryske Sjonger & Lietskriuwer
  • ★ Nieuw album ★
  • Nieuws
  • Marcel
    • Biografie
    • Discografie
    • Foto’s
    • Pers
    • Columns
  • Muziek
    • Teksten
    • Video’s
    • Downloaden
  • Liedjesschrijver
  • Bestellen
  • Boekingen
  • Contact
  • Agenda

Album – Muzyk

Lyts famke

Record Details

Release
2011

LYTS FAMKE
Tekst : Marcel Smit
Muzyk : Rolf van der Neut

Lyts famke, de earste kear datst my seachst wie ’k net mear as in skim
En no al wer twa jier letter, famke, stiest noch oan ’t begjin
De wereld dy’t sa feroare is, famke, ik tink der hiel faak oan
Drugs, drank en kompjûterspultsjes binn’ no hiel gewoan

Toen heit froeger lyts wie, famke, gie it der toch wat oars oan ta
Dû wolst net witte, famke, hoefolle hutten dat ’k makke ha
Al duorret it noch wol even, famke, mar straks ha ’k se ek op ’t hiem
Scooters yn alle kleuren, famke, heit syn Puch wie grien

Tink ek oan ferkearde feintsjes, famke, mem wit der alles fan.
Heit is no wol feroare, famke, mar wie hast tritich toen dat kaam
Op skoalle moatst in protte leare, famke, en doch dat no mar
Heit hat it froeger noait dien, famke, en is no op paad mei syn gitaar

It aller-, allerbeste, famke, is leaf wêze foar in oar
En astû dan dyn waarmte oerbringst, famke, krijst alles foarelkoar
Groei earst noch mar in pear jier, famke, ûnbesoarge yn it nest
En ast dan aanst sechstjin bist, fertelt heit dy de rest

Social Media Profiles

  • Facebook
  • Twitter
  • Spotify
  • YouTube
Side makke troch buro KREAS