MYN GYTAAR
Tekst : Marcel Smit
Muzyk : Rolf van der Neut
De earste kocht ik fan de segels
dy’t ik by it tanken kriich
En nei in pear jier riden
Wie it dan eindelik safier
Earst rêstichoan wat besykje
It earste akkoard wie in d
Ik kriich de smaak te pakken
No pak ik sels de barrees.
Refr:
Dizze gitaar hat derfoar soarge
Dat ik hjir no foar jim stean
Dat ’k de ferskes foar jim spylje
Dy’t iderien meisjonge kin
Letter moest it better klinke
De winsk fan elke gitarist
Mar ik moest wol even sparje
Foardatst in topper keapje kinst
Dizze gitaar brocht my ek wille
En wy binn’ faak op ’en paad
Wy stean tegearre op ’e bühne
It is in machtich apparaat.
Ek is er goed foar myn relaasje
Ast mar leafdesferskes kenst.
Dan kin myn frou it wol waardearje
As ’k har af en toe mar smelte lit.
Ek by bysondere mominten
Rekket er net fan de wiz’
Stean my triennen yn ’e egen
Te spyljen nei in grut ferlies
Ik wol de man dan ek bedanke
De bouwer fan dizze gitaar
Foar de wille yn myn leven
Hy rekke fuort de juste snaar