Skip to content

Marcel Smit

Fryske Sjonger & Lietskriuwer
  • ★ Nieuw album ★
  • Nieuws
  • Marcel
    • Biografie
    • Discografie
    • Foto’s
    • Pers
    • Columns
  • Muziek
    • Teksten
    • Video’s
    • Downloaden
  • Liedjesschrijver
  • Bestellen
  • Boekingen
  • Contact
  • Agenda

Album – Muzyk

Pake

Record Details

Release
2011

PAKE

Tekst : Marcel Smit
Muzyk : Rolf van der Neut

Dyn keale plasse, oan de kanten noch wat hier
Stiest altyd klear, der wie noait in beswier
Op paad mei beppe, even wat rjappels fan de klaai
Jim wiene gek op elkoar, eltse dei opnij

It waard al minder, dyn frijheid wiest al kwyt
De auto stie al stil, dat die in soad fertriet
Lietst it net sjen, holdest dy sterk foar in oar
Sels foar ús, sa siesto ynelkoar

De tillefoan dy gie; ik hie al sa’n gefoel,
It gie no echt net goed, as ’k noch even komme koe
Do woest ús noch even by dy ha Leave pake fan my, slút dyn eagen mar

De wize wurden fan myn pake nim ik mei
It is myn reade tried, ik brûk se eltse dei Wier,
ik ferjit dy net, do bliuwst my altyd by Do sitst hiel djip yn myn hart, pake fan my

Ik fiel de leechte dy’t er achterlit
Ik sil nei beppe ta dy’t no allinne sit
Tegearre prate oer hoe’t er altyd die
’t Liket soms krekt dat er wer foar my stie

Social Media Profiles

  • Facebook
  • Twitter
  • Spotify
  • YouTube
Side makke troch buro KREAS