Skip to content

Marcel Smit

Fryske Sjonger & Lietskriuwer
  • ★ Nieuw album ★
  • Nieuws
  • Marcel
    • Biografie
    • Discografie
    • Foto’s
    • Pers
    • Columns
  • Muziek
    • Teksten
    • Video’s
    • Downloaden
  • Liedjesschrijver
  • Bestellen
  • Boekingen
  • Contact
  • Agenda

Album – Muzyk

’t Kastje

Record Details

Release
2011

‘T KASTJE

Tekst : Jurjen van der Meer
Muzyk : Marcel Smit / Rolf van der Neut

Heit soe foar mem in kastje meitsje, in soartemint fan boupakket.
Der siet in boekje by mei plaatsjes, mar heit sei: ‘Nee, dat hoech ik net.’
‘In efterkant en trije laadsjes, wat plankjes en it doarke foar,
in ûnderkant mei lytse poatsjes… ik ha dat ding sa ynelkoar.’

Refr: In kastje fan Ikea, Ikea, Ikea.
In kastje fan Ikea, dat slagget elkenien.
In kastje fan Ikea, Ikea, Ikea.
In kastje fan Ikea, yn tsien minuten dien.

Allinne mar in skroevedraaier, it oare ark wie om ’e nocht.
Mar nei in lyts healoerke passen, wie ’t putsje dreger as heit tocht.
Want rjochts waard foar en ûnder efter. De doar siet bryk en op ’e kop.
’t Ûntwerp siet fol mei lytse flaters, de kast stie skeef en bleau mar slop.

De trui kaam út en mem brocht kofje, Ús heit seach frjemd en yn ’e war.
Wy mochten net mear yn ’e keamer. It duorre en it duorre mar.
En nei de hammer en de seage helle heit hout en in skarnier.
Hy boarre trije nije gatten, der kamen skrassen op ’e flier…

Heit hat foar mem in kastje makke.
In soartemint fan boupakket.
It waard hiel oars as yn de folder.
Mem hat ’m yn ’e garaazje set.

Social Media Profiles

  • Facebook
  • Twitter
  • Spotify
  • YouTube
Side makke troch buro KREAS