Skip to content

Marcel Smit

Fryske Sjonger & Lietskriuwer
  • ★ Nieuw album ★
  • Nieuws
  • Marcel
    • Biografie
    • Discografie
    • Foto’s
    • Pers
    • Columns
  • Muziek
    • Teksten
    • Video’s
    • Downloaden
  • Liedjesschrijver
  • Bestellen
  • Boekingen
  • Contact
  • Agenda

Album – Muzyk

’t Winkeltsje fan smoarge Durk

Record Details

Release
2011

’T WINKELTSJEFAN SMOARGE DURK

Tekst : Marcel Smit
Muzyk : Rolf van der Neut

De sinten fleagen my út ’e bûse
Ik hie noait in sint yn ’e sok
De kastlein moast faak noch barre
’k Hie it gauris mei de frou oan ’e stok

De moanne is langer as myn lean
Faak is dat in wike as twa
Myn frou begrypt der neat fan
Dy wol my wykeins te beunen ha

Ik ha altyd in protte wurke
Dus no is ’t de beurt oan myn frou
Hja hat al jierren lang profitearre
Fan myn gebealch en gesjou

Hja hat hjir en dêr west te praten
De petearen giene hiel best
Ferkeapster yn in winkeltsje
hie krekt wat foar har west

Refrein
Myn wyfke werkt ergens op ’e Weaze
’k Kom einliks noait by har op ’t wurk
Neffes my ferkeapet sy ûnderguod Yn in winkeltsje fan smoarge Durk

Bregje
De sinten komme mei bakken binnen,
ik stean nergens mear yn it kryt
Ik ha noait witten dat ûnderguod safolle sinten opsmyt

Social Media Profiles

  • Facebook
  • Twitter
  • Spotify
  • YouTube
Side makke troch buro KREAS