Skip to content

Marcel Smit

Fryske Sjonger & Lietskriuwer
  • ★ Nieuw album ★
  • Nieuws
  • Marcel
    • Biografie
    • Discografie
    • Foto’s
    • Pers
    • Columns
  • Muziek
    • Teksten
    • Video’s
    • Downloaden
  • Liedjesschrijver
  • Bestellen
  • Boekingen
  • Contact
  • Agenda

Album – Muzyk

Autogek

Record Details

Release
2011

AUTOGEK
Tekst : Marcel Smit
Muzyk : Marcel Smit / Rolf van der Neut

Ik ha in laskapparaat en in brêge yn ’t hok
Ik doch it plaatwurk en ’t motorblok
In stikkene frachtwein, in dûk yn in bus
De auto fan buorman of dy fan syn sus

Ik ha in overal en faak scherjontsjes oan
Ik ha foar alle putsjes it ark by de hân
Mar ik freegje my al tiden ôf: wêr komt it wei
dat ik as lyts jonkje al ûnder auto’s lei.

Refr: Ik bin autogek, net in bytsje mar hartstikke gek
Startmotor as koppeling, ik fyn elk gebrek
Skea oan ’e motor as opnij yn ’e lak
de geur fan benzine stelt my op myn gemak

Sels op fakansje sit ’k mei auto’s yn ’e kop
Mar by eltse tankbeurt genietsje ik folop
De rest fan de famylje leit moai op it strân
Wylst ik in tochtsje meitsje troch ’t moaie lân

Ik mis myn hok al nei in oerke as twa
Wol dan graach wer swarte klauwen ha
Mar ik tink noch faak oan hoe’t it no kin
Dat ’k fan jongs ôf oan mei auto’s dwaande bin

Yniens kaam it wer yn in dream foarby
Ik wie noch lyts toen ’k neist mems bedsje stie
Heit hie har klem en waard hielendal read
Hy hie de auto yn mems garaazje parkeard

Social Media Profiles

  • Facebook
  • Twitter
  • Spotify
  • YouTube
Side makke troch buro KREAS