Skip to content

Marcel Smit

Fryske Sjonger & Lietskriuwer
  • ★ Nieuw album ★
  • Nieuws
  • Marcel
    • Biografie
    • Discografie
    • Foto’s
    • Pers
    • Columns
  • Muziek
    • Teksten
    • Video’s
    • Downloaden
  • Liedjesschrijver
  • Bestellen
  • Boekingen
  • Contact
  • Agenda

Album – Muzyk

Us Cien

Record Details

Release
2011

US CIEN

Tekst en muzyk : Marcel Smit

Op bleate fuotten swalkje ’k oer it strân
Op de râne fan it wetter mei it sân
Hear it gelûd fan in fûgel dy’t ’k net ken
Troch myn triennen hinne is er min te sjen

Refr: Ik tink oan minsken dêr’t ik in soad fan hâld
It sintsje sakket en ik krij it kâld
fan de gedachte dat ’k ien misse moat
En wêrom’t dat no mei de leafste bart

Ik sjoch nei stjerren dy’t oan de himel stean
At se by it fallen mar myn winsk ferstean
Dat ’k fan myn freonen echt net ien misse kin
Mar hegere machten hawwe ’t net yn ’t sin

At ik de eagen slút en dream troch de tiid
Sjoch ’k dy net fjochtsjen yn in ûngelike striid
Ik sjoch dy laitsjen sa ast dat sa moai kinst
En ’k sjoch wer de sinne dy’tst foar ús bist

Op bleate fuotten swalkje ’k oer it strân
Op de râne fan it wetter mei it sân,
Hear it gelûd fan in fûgel dy’t ’k herken
Troch myn triennen hinne is er noch krekt te sjen.

Social Media Profiles

  • Facebook
  • Twitter
  • Spotify
  • YouTube
Side makke troch buro KREAS