Skip to content

Marcel Smit

Fryske Sjonger & Lietskriuwer
  • ★ Nieuw album ★
  • Nieuws
  • Marcel
    • Biografie
    • Discografie
    • Foto’s
    • Pers
    • Columns
  • Muziek
    • Teksten
    • Video’s
    • Downloaden
  • Liedjesschrijver
  • Bestellen
  • Boekingen
  • Contact
  • Agenda

Singel – De Stjoerman

De Stjoerman

Record Details

Release
2015

De Stjoerman (Hendrik J. Bulthuis)
Skreaun troch: Marcel Smit, juny 2014

Ik far nei it ferline
lavearje oer it kanaal
Nei it wetter fan de mar
sykjend nei syn ferhaal

De wyn bringt my derhinne
in boat fan mahoanjehout
Sechstjin kante meter seil
troch ien man betocht en boud

De mar dy is hjoed grillich
it grutseil en fok stean strak
Dizze boat krige syn namme
dit wetter is syn plak

It lûd fan wyn en weagen
flústere my sêft yn
It begjin fan de BM’er
al hiel wat jierren lyn

De boat ûntstie út leafde
út grut eigen ideaal
Fan de barbier fan Burgum
stjoerman fan it ferhaal

Syn ûntwerp oerlibbe him
noch hieltyd foar jong en âld
Troch de BM’er liet er sjen
hoe’t Burgum fan syn wetter hâldt

Social Media Profiles

  • Facebook
  • Twitter
  • Spotify
  • YouTube
Side makke troch buro KREAS