Skip to content

Marcel Smit

Fryske Sjonger & Lietskriuwer
  • ★ Nieuw album ★
  • Nieuws
  • Marcel
    • Biografie
    • Discografie
    • Foto’s
    • Pers
    • Columns
  • Muziek
    • Teksten
    • Video’s
    • Downloaden
  • Liedjesschrijver
  • Bestellen
  • Boekingen
  • Contact
  • Agenda

Single – De kop der foar!

De kop der foar

Record Details

Release
2010

DE KOP DER FOAR!
Tekst : Marcel Smit
Muzyk : Rolf van der Neut

Al sit alles even tsjin, pine yn ‘e kop en wat min
Is dat wiif datst nedich hast, werris seurderich en dwars
Wol auto wer net rinne, bist ferbaand troch de sinne
Set no mar troch, de kop der foar!

Want ast it kopke hingje litst, dan rint alles yn ‘e mist
Wy sette troch, de kop der foar

Wolle de fisken wer net bite, wost de angel der yn smite
Kin de brune it net lûke, hasto ek sa’n djoere moeke
Hat de plysje dy wer pakt, omdat er best smakke hat
Set no mar troch, de kop der foar!

Want ast it kopke hingje litst, dan rint alles yn ‘e mist
Wy sette troch, de kop der foar

Silst op stap mei dyn maten krijt dyn wiif it yn ‘e gaten
Hast dyn sinten ynvesteard, yn in bank dy’t neat útkeard
Silst der einliks werris foar, stiet de buorfrouw foar de doar
Set no mar troch, de kop der foar!

Want ast it kopke hingje litst, dan rint alles yn ‘e mist
Wy sette troch, de kop der foar

Krijst it bier der net mear yn, moast hast spuie fan de wyn
Sjochst een ljipke yn it lân, hast gjin mobyltsje by de hân
Krijst de fiter net mear fêst, omdatst lêst hast fan de rêch
Set no mar troch, de kop der foar!

Want ast it kopke hingje litst, dan rint alles yn ‘e mist
Wy sette troch, de kop der foar

Fluitest leuk nei in knap wiif, flokt se dy de bealich stiif
Moat de tandarts boare, kinst fan de senuwen wol smoare
Rinst by Harns op ’e pier, skyt der in seefûgel yn dyn hier
Set no mar troch, de kop der foar!

Want ast it kopke hingje litst, dan rint alles yn ‘e mist
Wy sette troch, de kop der foar

Leist mei it boatsje op ‘e mar, is de motor yn ‘e war
Giest nei de dokter foar dyn hân, set er dyn knibbel yn ‘t ferbân
Bist ynienen miljeubewust, stiet dyn ket stiif fan ‘e rust
Set no mar troch, de kop der foar!

Want ast it kopke hingje litst, dan rint alles yn ‘e mist
Wy sette troch, de kop der foar

Leist sneintejûn ris foar de sport, mar dyn wiif wol werris fuort
Sitst te stinnen op ‘e pot, wol de doar net fan it slot
En bist dan eindelijk wer los, kin de klean wol by de wosk
Set no mar troch, de kop der foar!

Want ast it kopke hingje litst, dan rint alles yn ‘e mist
Wy sette troch, de kop der foar

Social Media Profiles

  • Facebook
  • Twitter
  • Spotify
  • YouTube
Side makke troch buro KREAS