Skip to content

Marcel Smit

Fryske Sjonger & Lietskriuwer
  • ★ Nieuw album ★
  • Nieuws
  • Marcel
    • Biografie
    • Discografie
    • Foto’s
    • Pers
    • Columns
  • Muziek
    • Teksten
    • Video’s
    • Downloaden
  • Liedjesschrijver
  • Bestellen
  • Boekingen
  • Contact
  • Agenda

EP – Lyts Famke

De Westereen

Record Details

Release
2008

DE WESTEREEN

Tekst : Marcel Smit
Muzyk : Rolf van der Neut

Dit is in ferske oer in plakje dêr’t ik altyd in bân mei hou.
De buorfrou neamt dy hjir leave, en de measte manlju sitte yn ’e bou.
De bern op skoalle begjinne al betiid mei ‘aap noot mes’.
Nee, ik ha noch noait yn in moaier plakje west.

Refr: Dat giele ding op it spoar dat is in treen,
de bakker bakt hjir bôle en ús pake hat in ween.
En gean wy dan yn ’t wykeen riden, op saterdei of op sneen
Dan bin ’k bliid dat ’k wer oer de brêge kom, fan De Westereen.

Op it fuotballân giet it der ek faak hurd oan ta,
hielendal as wy in ploechje as Harkema op besite ha.
Mar sadree’t Tsjeard of Trienes yn de kantine ‘Country Roads’ ynset
is ’t wer ien grut feest en samar ek wer let.

At al it beunwurk hjir ynstoarte soe wat yn ’t ferline is boud,
dan stienen der allinnich noch hierwenningen en baarnden de kachels wer op hout.
Gerard is hjir Kekke en syn fyts hat in lekke bân,
Folkert is hjir Koos, jim sill’ wol tinke: wat in ferstân.

As jo hjir noch ris komme en jo sykje om ien,
neam dan wol syn bynamme, oars stean je by in oar op it hiem.
En dû kinst it sa gek net betinke of alles is hjir te keap:
auto’s, fytsen, boaten en foar in karre moatst nei skele Freark.

Yn hiel Fryslân wêr’t ik ek bin,
is der altyd wol ien dy’t myn taaltsje ken.
Dû komst út de Woden seker, út De Westereen.
Hast fêst in Herder yn de bûse en hoe bist hjir, mei de treen?

Social Media Profiles

  • Facebook
  • Twitter
  • Spotify
  • YouTube
Side makke troch buro KREAS