Skip to content

Marcel Smit

Fryske Sjonger & Lietskriuwer
  • ★ Nieuw album ★
  • Nieuws
  • Marcel
    • Biografie
    • Discografie
    • Foto’s
    • Pers
    • Columns
  • Muziek
    • Teksten
    • Video’s
    • Downloaden
  • Liedjesschrijver
  • Bestellen
  • Boekingen
  • Contact
  • Agenda

EP – Lyts Famke

Goudsjeblom

Record Details

Release
2008

GOUDSJEBLOM

Tekst en muzyk: Marcel Smit

Ik wie noch net sa âld, noch mar sa’n 15 jier
Ik woe graach nei de disko mar net alinnich foar it bier
Froulju wie ik gek op, fûn se hiel spesjaal
Ik prate mei elk frommes, makke neat yn wat taal

Oant doe’t ik 20 jier wie, hie ik alle disko’s hân
En moai wat froulju tute út hiel Nederlân
Mar toch hie’k noch net fûn dêr’t ik no nei socht
It moast in tûken wêze en net sa’n helder ljocht

Refr: Ik socht in Goudsjeblom (goudsjeblom)
In moai blond ding (en dus net dom)
Ik socht in Goudsjeblom (goudsjeblom)
Mar elke kear as ik fuort gie kaam ik sûnder ien werom…

Ek bin ik mei myn maten nei Terskelling west
Mar al die sleatten bier hienen myn keunsten ferpest
Froulju genôch mar krekt net wat ik socht
It moast in tûken wêze en net sa’n helder ljocht

Ik ha ús heit ris frege wêr’t dat no fan kaam
Hy sei: “Salang asto der nei sikest krigest gjin faam
Kinst better rêstich bliuwe en sjen wat der gebeurt
Miskien is der dan wol ien dy ‘t sich oan dy steurt

En toen yn Noard Burgum flak by hûs
Seach ik har stean yn har moaie griene blouse
Je hie blond hier, wie moai en tuk
En je sei “Ik ben de Goudjebloem die jij zoekt”

Social Media Profiles

  • Facebook
  • Twitter
  • Spotify
  • YouTube
Side makke troch buro KREAS