Frysk Sjongers Gala

Freed 16 novimber o.s. sil yn it Frysk Kongres Sintrum yn Drachten foar it earst it ‘Frysk Sjongers Gala’ holden wurde. Dizze jûn is in mienskiplik inisjatyf fan Anneke Douma, Gurbe Douwstra, Griet Wiersma en Piter Wilkens, alle fjouwer gjin ûnbekenden yn de wrâld fan de Fryske muzyk.

De jonge generaasje bygelyks wurdt fertsjintwurdige troch Gerbrich van Dekken en Marcel Smit, beide yntusken ek al gjin ûnbekenden mear op de Fryske poadia. De artysten wurde live begelieden troch in kombo under lieding fan Peter van der Zwaag.

Meiinoar sil der in jûnfoljende show brocht wurde fan Fryske en streekfrysktalige lietsjes. Alle artysten trede solo op, mar ek meiinoar yn duetten, trio’s, kwartetten en wat mar mear betocht wurde kin. It repertoire sil bestean út in miks fan bekende lieten fan de seis solisten, oanfolle mei nije lietsjes, guon sels spesjaal skreaun foar dizze jûn.