Muzyk fan Marcel Smit giet as in treen

Het onderstaande bericht komt van de weblog van fryskemuzyk.nl

Yn it balkje fan populêre cd’s op dizze side stiet samar ynienen de debút cd Muzyk fan Marcel Smit bovenoan. Dat wol sizze dat dy cd op dit stuit it bêst ferkocht wurdt yn ús Fryske muzyk webwinkel. Wy wiene yn de Westereen by de cd presintaasje oanwêzich en doe die al wol bliken dat der wol muzyk yn dizze Westereender sjonger sit. Ferneamde ferskes lykas De Westereen en De kop der foar hellen earder al de Fryske top 100 fan Omrop Fryslân mar ek de oare ferskes bin it beharkjen mear as weard. It album is hjoed krekt de top 20 binnen rûgele fan de Fryske album top 100 allertiden en dêrmei lit er in soad artysten fan namme efter him. Wy binne benijd at er de top 10 helje sil.

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *

Deze site gebruikt Akismet om spam te verminderen. Bekijk hoe je reactie-gegevens worden verwerkt.