Reserfearing “Frysk Sjongers Gala” kaarten

Yn de rin fan augustus set de ferkeap útein foar it Frysk Sjongers Gala, dat op freed 16 novimber holden wurdt yn de Vreewijck-seal fan it Fries Congres Centrum yn Drachten. Dat wurdt in sfearfol muzyk/teaterfestival dat organiseard wurdt troch Griet Wiersma, Anneke Douma, Piter Wilkens en Gurbe Douwstra. Fansels sille dizze fjouwer Fryske artysten dêr optrede, mar ek de ‘jonge’ garde fan de Fryske muzyk is fertsjintwurdige mei Gerbrich van Dekken en ik sels!. De begelieding wurdt dien troch in kombo fan professionele muzikanten, ûnder lieding fan Peter van der Zwaag, en in koarke mei trije fan Fryslâns bêste sjongeressen: Elly May, Carin Segers en Agnes Sambrink. Omdat dit in jûn is dêr’t jimme mooglik graach by wêze wolle, wol ik jimme as freon, kunde, relaasje as webstek besikers yn de gelegenheid stelle alfêst kaarten reserveare te litten, noch foardat de offisjele ferkeap útein set.

De kaarten kostje € 24,- it stik, mar dat hoecht net earder betelle te wurden as wannear’t de reserfearing definityf makke is. Jimme kinne dizze foar-reserfearing dwaan troch in mailtsje te stjoeren nei info@marcelsmit.nu Jo krije dan ein juli berjocht oer de fierdere ôfhanneling. Wa wit sjogge wy elkoar dan op freed 16 novimber yn it Fries Congres Centrum yn Drachten op it earste FRYSK SJONGERS GALA.

Mei hertlike groetnis,

Marcel Smit